Strjittekeatsen 2018

Noch nea yn de lange skiednis fan KF Jacob Klaver hiene wy sok moai waar by it strjittekeatsen as op freedtejûn 27 july 2018.

Strjittekeatsen 2018

Noch nea yn de lange skiednis fan KF Jacob Klaver hiene wy sok moai waar by it strjittekeatsen as op freedtejûn 27 july 2018.
In temperatuer fan boppe de 30 graden gjin wyn, tige noflik keatswaar. Eartiids by temperatueren fan boppe de 30 graden diene de boerewurkers de lange ûnderbroek net iens út, tsjinwurdich fynt PP in temperatuer fan 21 graden al gleon.

It keatsbestjoer hie it goed foar elkoar, der leine 5 prachtiche perken te wachtsjen op in grut oantal keatsers.
Mar jo leauwe it net: der wie mar in opjefte fan 8 keatsers (1 frommes en 7 manlju) dat mar 2 perken ha yn gebrûk west, de oare perken moasten, spitegernôch, wer opromme wurde.Wat matte jo as bestjoer: net troch gean litte komt net yn ús wurdboek foar, mar it is wol in frustraasje dat ús leden mei sok moai keatswaar leaver efter hûs yn in stoel hingje en kleie dat it sa hjit is.
Fan de 8 opjeften binne 4 partoeren makke, dy’t allegearre in kear tsjin elkoar keatst hawwe, dus elts partoer 3 potsjes.
San 10 taskôgers ha geniete fan de trochstrings spannende potsjes en likernôch om 21.45 oere koe de wedstriidlieder de prizen útrikke.
Dernei hat eltsenien noch in skoft noflik byelkoar sitten ûnder it geniet fan in hapke en in drankje, it wie likernôch 12 oere dat it ljocht útgong en eltsenien op hûs yn sette.

Priiswinners:

1e priis: Jennie Terpstra en Sybren van der Meer.

2e priis: Jouke Bonekamp en Martin Visser.

3e priis: Jesse Heida en Menno Bonekamp.

4e priis: Jelle Terpstra en Reinder Bonekamp.

Geplaatst op 01 August 2018