Strjittekeatsen 2017

De perken wiene wer ferve, de rioelputten wiene wer tichtsetten en de blokjes en tillegrafen wiene ferhuze nei it krúspunt fan Om 'e terp, Master Jansenstrjitte en de Swannedrift. Ofrúne freed wie it wer tiid foar it jierlikse strjittekeatsen.

 

Strjittekeatsen 2017

Mei tsien partoer op 'e list waard it gesellich drok op it krúspunt. Der wiene wer fiif perken skildere, dus eltsenien koe gelyk los. Der kamen al gau wat taskôgers by en ek de foarbygongers bleaune sjen hoe at de partoer harren earsten pakten.
It wie moai om te sjen, hoe at de beammen, stoepen en klinkers it spul soms wat in oare draai joeg dan dat de keatsers ynskatten. Hast alle partijen waarden spannend keatst en de sommige keatsers kamen der net sûnder iepene knibbels fanôf. It waard al wat skimerich doe't de finale noch begjinne moast. Der waard leuk keatst en yn in spannende partij waar der troch de winners mei 5-4 6-6 wûn. Mei in noch in lytse tredde helte wie it in tige slagge jûn.

1e priis: Albert Tilma en Maaike Kuipers
2e priis: Jurriaan Hoekstra en Wisse Arendz
3e priis: Jesse Cuperus en Jouke Bonekamp 

Geplaatst op 09 July 2017