Lotting 15e Jong Famme Partij

Op woansdei 27 juny wie de lotting foar de 15e Jong Famme Partij. 

Lotting 15e Jong Famme Partij

Foarôfgeand oan dizze lotting waard der in klinik jûn oan alle bern fan de federaasje Littenseradiel. Dizze klinik waard fersoarge troch ús beskermfroue Manon Scheepstra en mei ûndersteuning fan Daniël Iseger, Sjanet Wijnia, Louise Krol en Tsjisse Steenstra.
San 40 bern hiene harren opjûn foar dizze klinik. Deze bern krigen fan dizze topkeatsers in oere training, der waard traint op ferskiedene aspekten. Opslaan, útslaan, fuottenwurk en tuskenspul alles waard behandele.  Nei de klinik koene de bern ûnder it genot fan in glês limonade noch handtekeningen freegje fan de keatsers.

Rûn 20.15 begie de lotting. Popke van der Zee ien fan de oprjochters fan de Jong Famme Partij hat in ferhaal hâlden oer it ûnstien fan de Jong Famme partij en hoe at it de ôfrûne jierren rûn is. Nei dit prachtig ferhaal begûn de lotting en waard de list foar de 15e Jong Famme Partij bekind.

It wie in fantastyske jûn!! Wy wolle Manon Scheepstra, Daniël Iseger, Sjanet Wijnia, Louise Krol en Tsjisse Steenstra tige tank sizze foar it fersoargjen fan de klinik.


Geplaatst op 28 juni 2018