Jubileumpartij 2018

Jacob Klaver bestiet dit jier 115 jier en op snein 13maaie ha we dit fiert mei de Jubileumpartij!

Jubileumpartij 2018

It waar wie prachtich op ús earste ledepartij fan 2018. Der stiene 10 partoer op ‘e list foar it keatsen en al mei al wiene der rûn de 100 folwoeksen en bern by de BBQ.
In oantal keatsers hiene al ris yn aksje west mei it kompetysjekeatsen of it peloten, mar ek in oantal keatsers hiene noch net wer in keatsbal yn de hannen hân. It wie leuk te sjen hoe at eltsenien de draai wer efkes fine moast, mar al gau hiene de measten de smaak wer te pakken.

 De finale wie in spannende partij. It duo Jelmer van der Valk en Jouke Bonekamp stiene in pear earsten foar en lang like it dernei dat se de winst pakke soene. It trijetal fan Jesse Cuperus, Jurian Tolsma en Nynke Wiedijk lieten dit net samar barre. It waard noch spannend, mar Jelmer en Jouke koene krekt optiid wer oansette en wisten de finale te winnen en giene der fantroch mei fantastyske prizen sponsore troch Proeflokaal Sneek.


De BBQ wie wer goed fersoarge troch ús sponsor Wiersma Tentenverhuur en Partyverhuur. Mei in prachtige tinte, in loftkessen en in hearlike BBQ is it ledekeatst seizoen fan Jacob Klaver wer goed útein setten!


Priiswinners:
1e priis: Jelmer van der Valk en Jouke Bonekamp
2e priis: Jesse Cuperus, Jurian Tolsma en Nynke Wiedijk
3e priis: Jelmer Jonker en Sybren van der Meer

Geplaatst op 21 mei 2018