Jonker Sikke Partij 28 maaie 2017

Op snein 28 maaie wie de jierlikse Jonker Sikke Partij. 24 entûsjaste keatsers stiene op 'e list om te striden foar de moaie prizen. By de Jonker Sikke Partij wurd der trije kear lotte, wêrtroch je trije kear by in oare maat sitte.

Jonker Sikke Partij 28 maaie 2017

It wie hearlik waar en wedstriidlieder Hendrik Poppema hie alles goed ûnder kontrôle. Nei trije omlopen wiene de trije priiswinners bekend. Alle trije mannen hiene 21 earsten foar. Der moast sjoen wurde nei de tsjinearsten. De útslach: 1e priis: Klaas Goodijk 2e priis: Skelte Anema 3e priis: Jurian Tolsma Op freed 16 juny is de folgende ledepartij. It famyljekeatsen, sykje gau jim maten by inoar. (yn it partoer ien dame)

Geplaatst op 30 May 2017