Jelle, Ignas en Gjalt tredde Priis op Freule 2018!!

Jelle, Ignas en Gjalt ha in knappe tredde priis pakt op de Freule yn Wommels.

Jelle, Ignas en Gjalt tredde Priis op Freule 2018!!

Ofrûne woansdei wie de Freule yn Wommels. Foar Mantgum diene Jelle Terpstra, Ignas Dijkstra en Gjalt Sjirk de Groot mei. Under lieding fan coach Oebele Anema.
It partoer fan Mantgum wie seker ien fan de favoriten fan 2018. Yn 1924 wûn Mantgum de Freule, soe dat dit jier ek wer barre kinne? 


1e omloop:
Yn de earste omloop naam Mantgum it op tsjin it partoer fan Bitgum. Dizze partij wûn it partoer frij ienfâldich mei 5-0 6-4

2e omloop:
Yn de twadde omloop kaam Mantgum it partoer fan Wommels tsjin. Wommels dat yn de earste omloop favoryt Berltsum der ôf slein hie, kaam tsjin Mantgum al gau 5-1 efter. Mantgum makke in oantal fouten wêrtroch Wommels werom komme koe tot 5-3, mar op 6-6 pakte Mantgum it punt en wûn dizze partij mei 5-3 6-6.

3e omloop:
Yn de tredde omloop koe Mantgum efkes bykomme, want se iene hjir in steand nûmer.

4e omloop:
Yn de fjirde omloop kaam Mantgum it partoer fan Spannum tsjin. Yn dizze partij waard faak op 6-6 keatst, mar Mantgum koe eltse kear op 6-6 it punt pakke en wûn dizze partij ek frij ienfâldich mei 5-0 6-6.

Heale finale:
Yn de heale finale moast Mantgum it opnimme tsjin it partoer fan Anjum. In partoer wat dit jier noch net in soad prizen pakt ha op de ôfdieling, mar seker kâns hie om de Freule te winnen. It gie de hiele partij lyk op.
Mantgum kaam ien kear in earst foar, mar koe dit spitigernôch net útwreide. Op in stân fan 5-4 6-2 pakte Anjum it punt en wûn de heale finale!!

Jelle, Ignas, Gjalt en coach Oebele! Lokwinske mei dizze prachtige tredde priis!!


Histoarje Mantgum op de Freule:

1924: 1e priis J. de Groot, A. Mulder en H. Jepma
1982: 7e priis B. Tolsma, S. Tjepkema, A. Jepma
2001: 5/7 priis: B. van der Wal, S. Anema en B. de Bruin
2018: 3e priis: J. Terpstra, I. Dijkstra en G.S. de Groot




Geplaatst op 09 augustus 2018