Ido en Richtje winne Pearke Teatsen 2018

Foar de 12e kear hat de keatsferiening JacobKlaver de teatspartij om it iepen kampioenskip Littenseradiel Pearketeatsen organiseareop it moaie sportfjild yn Mantgum.

Ido en Richtje winne Pearke Teatsen 2018

Der hiene sich 27 pearkes (foarich jier 29) opjûn en ûndermoai teatswaar wie it in tige slagge pearketeatsdei.

Nei in net sa’n spannende 1e omloop, wiene de 2e-en 3e omloop dat wol en koene de taskôgers genietsje fan moaieslagen en tusken spul.

Yn de iene heale finale fan de winnersrûnte keatsen Serietteen Bote tsjin Richtsje en Ydo, yn in tige spannende partij wûnen Richtsje enYdo mei 5-4 6-4.

De oare heale finale wie folslein net spannend Lyssa enSander tsjin Janneke en Teun wûnen mei leafst 5-0 6-0.

Yn de heale finale fan de ferliezersrûnte wie de útslachtusken Marijke en Arjen tsjin Anne en Gerrit 5-2 6-2 en tusken Wytske en Jelletsjin Joni en Wessel  5-2 6-6.

De finale yn de winnersrûnte gong sadwaande tusken departoeren fan Richtsje en Ydo en Lyssa en Sander.

By Lyssa en Sander wie de kriich der út en Richtsje en Ydowûnen dan ek frij ienfâldich mei 5-2 6-4.

De finale yn de ferliezersrûnte wie fan it selde “laken enpak” mei as útslach Marijke en Arjen tsjin Wytske en Jelle 5-2 6-6.

Om seis oere wie de priisútrikking yn de Wjukken en dernei koeeltsenien genietsje en dûnsje op live muzyk fan Berend Riemersma.

 

Útslach:

Winnersrûnte:

1e priis: Richtsje Strikwerda (Nijlân) en YdoHarkema (Spannum)

2e priis: Lyssa van der Ende (Mantgum) en SanderHageman (Baard)

3e priis: Seriette Strikwerda (Spannum) en BoteStrikwerda (Wommels)

3e priis: Janneke Blanke (Jorwert) en Teun Bouma(Weidum)

 

Ferliezersrûnte:

1e priis: Marijke Keuning (Wiuwert) en ArjenTalsma (Grins)

2e priis: Wytske Anema (Mantgum) en Jelle Anema(Grou)

Geplaatst op 18 juni 2018