Grins wint 15e Jong Famme Partij

De jubileumpartij fan de Jong Fammen yn Mantgum is wûntroch de studintes fan Grins.

Anne Monfils, Hiske Zeinstra en Marrit Zeinstra hawwe de kransen en it gouden klaverke mei nei hûs nommen. De twadde priis wie foar: Joanne Elise Broeders, Ineke en Trea van der Ploeg út Ried en de tredde priis is wûn troch it partoer fan Sexbierum-Pietersbierum besteande út Anna Ennema, Fiera de Vries en Hendrieke van der Schoot.

It moast in bisûndere dei wurde yn Mantgum, omdat foar de 15e keer de Jong Famme Partij holden waard. En is seker in bisûndere dei wurden. It waar wie bisûnder, it fjild seach d’r bisûnder út, de flagge op de toer, de geur fan sinnekrême, kofje en sop, opteine gesichten, bisûnder ek omdat d’r in protte âld winners wiene en bisûnder dat d’r wol 33 nije âld fammen harren oanmeld hawwe om te sponserjen. Bisûnder dat ien fan de meioprjochters, Popke van der Zee wer as de wedstriidlieder fungeerde. En bisûndere winners, dy’t krekt foar de finale it Frysk folksliet út folle boarst meisongen wylst se foar Grins keatsten.

 

Mei de goeie opkomst fan 20 partoer wie d’r dochs foar keazen om op ien fjild mei fjouwer perken te keatsen. It seach d’r smûk út, mar de gang moast d’r wol yn holden wurde. De start wie al in bytsje opskood omdat alle jong fammen meimekoar op’e foto moasten en dernei de offisjele iepening mei slachkracht fersoarge waard troch de Drumline fan “De Sternse Slotliners” út Frjentsjer. Mei in protte enthousiastme en enerzjy gie it los. 

eerste omloop:

De 1e 8 partoer begongen mei folle moed te keatsen, elkoar in bytsje ôftaaste en dan d’r foar. Folsgare en Dronryp 2 hiene wiene oan elkoar weage en nei oardel oere keatsen , wûn Dronryp it mei 5-5 6-2. Makkum hie gjin wurk fan Witmarsum en Sexbierum- Pietersbierum rûn mei 5-0 6-4 oer Winsum hinne. De finalisten fan ferline jier, Dronryp 1 hie it dreech tsjin Grou en ferlearne mei 4-5 2-6. Wommels 2 hie moeite mei Irnsum mar wûnen it nipt mei 5-5 6-0. Ried die it hiel goed tsjin Easterein en wûn mei 5-1 6-6. It 2 tal fan Mantgum kaam d’r tjin Grins net oan te pas, al pakten Jennie Terpstra en Amarins de Groot wol hieltyd de 6, dochs koene se dermei mar 1 earst meitsje: 5-1 6-4.

twadde omloop:

Dronryp 2 gie d’r ôf tsjin Makkum omdat se yn’e 1e omloop al hiel dreech keatst hiene en it allegearre net meer slagje woe 2-5 6-6. Marsum koe gjin fûst meitsje tsjin Sexbierum-Pietersbierum, dat alwer sûnder tsjin earst troch denderde nei de tredde list 5-0 6-6. Ried makke koarte metten mei Stiens 5-1 6-6. Grou koe it net winne fan Wommels 2 4-5 2-6. En miskien wol de topper fan de dei: De winners fan de ôfrûne 2 jier : Wommels 1 tsjin Grins. Al kaam Wommels wol mei 4-2 foar, Grins wûn de party troch hiel taktysk te keatsen. Anne Monfils yn’e haadrol mei hege ballen efteryn, gauris in boppeslach en goed tuskenspul, wûnen de úteinlikke winners fan dizze dei mei 4-5 0-6 

tredde omloop:

Sexbierum- Pietersbierum liet tsjin Makkum daliks al harren tosken sjen. Mei in protte bravoure en slachkracht, kaam Makkum d’r net oan te pas, al soargen se wol foar it 1e tsjin earst. 5-1 6-2. In hiele spannende party wie Ried tsjin Wommels 2. Omdat Wommels 1 d’r al ôf wie, hiene alle fans no harren jild ynsetten op it 2e partoer út harren doarp. Wommels kaam mei 3-0 foar, mar in keatskenner út it publyk sei al: Ried moat even op gang komme, mar jout fuort net beliez. En dat die bliken Wommels wie leech en Ried kaam op stoom en wûn mei 5-5 6-4, dat fuort de finale betsjutte foar Ried. Grins bleaun stean en koene harren goed oplade foar de heale finale.

Heale finale:

Grins keatste mei deselde taktyk tsjin Sexbierum- Pietersbierum as yn de foarige partij tsjin Wommels. Heech op efteryn, boppe slagen fan Anne Monfils en ek fan Marrit Zeinstra, goed tusken spul fan Hiske Zeinstra, en in prachtige sitbal foar yn’t hoekje soarge d’r foar dat Sexbierum- Pietersbierum gjin fûst meitsje koe. 5-2 6-2. 

Foar de finale waard d’r troch Manon Scheepstra noch in ferlotting holden ûnder de âldere fammen. Dizze binne wurden: Trijntsje v/d Galiën en Johanneke Liemburg.

Finale: 

It Frysk folksliet waard songen troch Gerrit Poortinga , in protte minsken wiene al nei hûs, mar de echte leafhawwers giene d’r noch marris foar sitten. Ried pakte it earste buordsje mar al gau kaam Grins út de pitchstop en nei 7 boppeslagen en 2 sitballen, stie it samar 1-4 foar Grins. Even like it d’r op dat Ried de guit wer te pakken krige en it waard 3-4. Mar de akku fan Ried wie leech en úteinlik wûn Grins mei 5-3 0-6 de partij en de 15e Jong Famme Partij. 

Manon Scheepstra, de “beskermfrouwe” fan de Jong Fammen hat de prizen útdielt, de wikselpriis, brûnsen, sulveren en gouden klaverkes, kadobon foar de winnende coach. De sjampanje waard los sketten. En elkenien waard betanke : keatsbestjoer, oprjochters, skiedsrjochters, linerjochters, âldere fammen, kransemakkers, fjildlizzers, ketering, sponsoren, blokjerinners, lotsjerinners, tintebouwers en elts dy’t ek mar in bydrage lévere hat oan dizze skitterende keatsdei. 

Hulde .


Jehannes Arendz

Geplaatst op 01 juli 2018