Federaasjekeatsen foar alle kategoryen

Ofrûne sneon, 10 juny 2017 wie it federaasjekeatsen foar alle kategoryen yn Mantgum. It wie spitich dat der yn de kategory Jonges/Famkes gjin ien keatser wie dy’t him opjûn hie. Dit hie nei alle gedachten te krijen mei it NK Jonges en it NK famkes wat ek op dizze dei ferkeatst waard. Mar ek de skoaljeugd koene net keatse. Der wie ien famke dy’t har opjûn hie en dat wie fansels te min om te keatsen.

Federaasjekeatsen foar alle kategoryen

Lokkich wiene der yn de kategoryen pupillen en welpen wol genôch keatsers. Dus koene we dizze partij wol troch gean litte. By de welpen waard der keatst yn 5 twatallen. Bij de pupillen waard der keatst yn 4 twatallen. 

Yn beide kategoryen waard de yn pûltsjes keatst. It wie in prachtige keatserij mei fantastyske opslaggen en útslaggen, mar ek in soad tuskenspul mei moaie ballen. De bern ha der in prachtige dei fan makke!! Hjirûnder de priiswinners. 

Kategory Welpen 
1e priis: Tyme Jonker (Mantgum) en Rikst Baarda (Britswert)
2e priis: Johan Gaastra (Kubaard) en Klaske Gaastra (Kubaard) 

Kategory Pupillen 
1e priis: Ruben Kaufmann (Britswert) en Rikst Mulder (Mantgum)
2e priis: Andries Geertsma (Mantgum) en Wyger de Jong (Wiuwert)

Geplaatst op 12 June 2017