Strjittekeatsen

Dizze partij soe earst hâlden wurde op 18 maaie, mar fanwegen te min opjeften (10) is doe besletten de partij net troch gean te litten. Hjoed (8 juny) wiene der 16 keats(t)ers (2 froulju en 14 manlju) dy’t mei in protte nocht oan it keatsen begongen.

Ek no koene jo sjen dat strjittekeatsen net maklik is en faaks waard der in bal wei yn de boskjes. Mar, op ien bal nei, fûn frou Bonekamp alle ballen werom, hulde dêr foar! Om oan ‘e kant te stean wie net sa noflik, it wie glûperich kâld, dat eltsenien hat de finale’s net ôfwachte en socht de waarme kachel op. De keats(t)ers hiene gjin lêst fan ‘e kjeld, hja keatsten harren waarm, dat kaam ek troch de trochstrings spannende potsjes. Likernôch om 22.00 oere koe de wedstriidlieder de moaie priizen útrikje oan de: Priiswinners 1e priis, Jennie Terpstra en Jouke Bonekamp 2e priis, Gjalt de Groot en Reinder Bonekamp 3e priis, Ignas Dijkstra en Rutger Fopma

Geplaatst op 08 June 2016